Barnstien

Barnstien of amber (fan it Frânske ambre, dat fia-fia weromgiet op it Perzyske ambar) is in fossyl hars dat fan nullebeammen komt (Pinus succinifera). De hars is miljoenen jierren lyn út de beammen frijkaam en dêrnei ferstienne. Barnstien stammet út it Mesosoïkum oant it Kwartêr. Eartiids waard in grutte mannichte hars produsearre troch beammen yn it Eastseegebiet. Nei de iistiid is it barnstien út de grûn spiels en yn see te lâne kaam. Jonger, net fossilisearre barnstien hjit 'kopal'.

Barnstien is meast waarmgiel oant donkerread fan kleur, mar der binne ek mear grien-, blau- of sels swartkleure soarten. Trochsichtich barnstien wurdt yn't generaal it moast fûn en is it djoerst. Amber is ek in dûnkergielige kleur.

Mineralogysk besjoen hat barnstien in amorfe struktuer. It is frij sêft, de hurdensgraad is 2-2,5.

Amber hg
Barnstien
Baltic amber inclusions - Ant (Hymenoptera, Formicidae)9
Barnstien mei ynsekten
Baltic amber inclusions - Cockroach (Pterygota, Neoptera, Dictyoptera, Blattodea)
Barnstien mei opsletten kakkerlak
Amber.pendants.800pix.050203
Sieraden fan barnstien
Amber Fisher
Barnstienfisker op it Eastseestrân by Dantzig, Poalen

Etymology

It wurd barnstien - Dútsk Bernstein - komt fan it Nedersaksysk wurd börnen dat 'baarnen' betsjut. De healedelstien wol yndie baarne. Barnstien hjit yn't Ingelsk amber. Yn it Nederlânsk ek wol, mar meast wurdt mei amber de kleur amber bedoeld, as in guod út de terms fan de potfisk wat wol yn rûkersguod ferwurke wurdt.

De Romeinen begrypten al dat barnstien earst floeiber wie en dat der sa ynsekten yn fêstrekke wiene. Dêrom neamden hja de stien succinum oftewol 'gom-stien'. De namme komt no noch ûnder mear foar yn succinic acid (barnstiensoer), yn de wittenskiplike namme foar de dinnesoarte Pinus succinifera en foar in groep lânslakken, de Barnstienslakken, mei harren barnstiengiele slakkehûs (Succinea putris).

Barnstien wurdt elektrysk laden troch wriuwen oer in bistefacht. Om dy reden is de term elektrisiteit ôflaat fan it Gryske wurd foar barnstien, elektron (Latyn: electrum).[1]

Gemy

Barnsteen bestiet fral út koalwetterstoffen, meast koalhydraten meidat it út organysk guod ûntstien is. Under de ferstienning fan de hars binne de koalhydraten alle soerstofatomen ferlern. De koalwetterstoffen kinne tige lange keatlings foarmje, saneamde makromolekulen. Meidat it barnstien út koalwetterstoffen bestiet wol it baarne.

Fynplakken

It wichtichst fynplak fan barnstien is it Eastseegebied. It skiereilân Samlân yn it Russyske oblast Kaliningrad is goed foar 90% fan de wrâldproduksje (de oblast Kaliningrad wurdt somtiids wol Янтарный край neamd, dat betsjut 'barnstiengebiet').
Barnsteen wurdt lykwols ek op it strân fûn. Fral yn Denemark spielt it noch oan, mar ek op de Nederlânske waadeilannen. Eartiids wie Denemarken see mei eilannen. Dêrom wurdt dêr ek op itsrân barnstien fûn. Lytse bytsjes wurde fûn yn Syrië, Libanon, Tailân, Fietnam, Kanada, de FSA en Dútslân. Blauwe barnstien ('blauwe amber') wurdt fûn yn de Dominikaanske Republyk.

Gebrûk fan barnstien

Yn alle perioaden fan de prehistoarje waard barnstien brûkt as sieraad en foar knopen. De rindierjagers fan de Hamburchkultuer, dy't om 11000 f.Kr. hinne, oan de ein fan de lêste iistiid omreizgen brûkten barnstien. Barnstien is op pakken fan harren eardere kampen yn Nederlân opdold by Oerterp, Vledder, by Swifterband en yn hunebêden. Klaai en fean binne geunstich foar de konservearring fan barnstien. Yn sângrûn ferwaret it gau en krijt it ek in sânkleur. Faaks wurdt it dêrom net faak fûn yn mesolityske delsettingen op Nederlânske sângrûnen.

Barnstien yn de mytology

Yn de Grykske mytology liet de god Helios op in dei syn soan Feton de sinnewein bestjoere. Phaeton koe de hynders lykwols net op'e team hâlde, dêrom ferskroeide de sinne himel en ierde. Sadwaande krigen de minsken yn Etioopje harren donkere hûd. Om de ierde te rêden smyt Seus mei wjerljocht nei Feton dy't dêrtroch dea delfalt. De susters fan Feton, de Heliaden, beskriemden him. Harren triennen stjurje op'e grûn ta barnstien.

De Grykske mytologyske Elektra wurdt identifisearre mei barnstien (sjoch boppe ûnder Etymology). Barnstien kaam neffens de Griken fan de barnstieneilannen yn de mûning fan de legindaryske Barnstienrivier yn it hege Noarden, de Eridanos.

Barnstienrûtes

Yn de âldheid waard barnstien mei in protte winst ferhannele. Karavanen hawwe iuwenlang foar Kristus de fynplakken oan de Eastsee (Estlân) en Noardsee (Denemarken) mei de ôfnimmers yn it Middellânske Seegebiet ferbûn oer de ferskate barnstienrûtes.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Naamgeving van Elektron
  • (ned) Schoo, J., 1933. Het barnsteeneiland Austeravia en de barnsteenrivier Eridanus. Tijdschrift van het Koninklijk Nederlandsch Aardrijkskundig Genootschap, 50: 13 s.
  1. Naamgeving van Elektron
Amber (kleur)

Amber is in kleur dy't de midden hâldt tusken giel en oranje en yn 'e kleuresirkel ek persiis tusken dy beide kleuren yn leit. It wurdt yn 'e regel beskôge as in tint fan giel of fan goud, en kin omskreaun wurde as in 'waarme' kleur giel. De namme 'amber' komt fan it materiaal barnstien (ek bekend as amber), dat eins in fossilisearre hars is dat ta de healealstiennen rekkene wurdt. As kleuroantsjutting wurdt it wurd amber teminsten al sûnt 1500 brûkt, doe't it as sadanich foar it earst yn it Ingelsk fêstlein waard.

Apollo (god)

Apollo (Attysk Aldgryksk: Ἀπόλλων, Apollōn, útspr.: [Apɔllɔ:n], likernôch "Apollôn"; Latyn: Apollo) is yn 'e Grykske en Romeinske mytology de god fan 'e muzyk, de poëzij, keunst en wittenskip, orakels, it bôgesjitten, de genêskunde, sykten, kolonisaasje, de sinne en it ljocht. Yn 'e Grykske myten wurdt er foarsteld as de soan fan 'e oppergod Seus en de titaanske goadinne Leto, en de twillingbroer fan Artemis, de goadinne fan 'e jacht. Neitiid waard er fia de Grykske koloanjes dêre nei Itaalje ferspraat, mei as gefolch dat er opnommen waard yn it Romeinske panteön. Fia de Romeinen waard syn ferearing neitiid wer oernommen troch de Etrusken (dy't him Apulu neamden) en in grut diel fan 'e Kelten op it Jeropeeske fêstelân.

Balch

De Balch is in sânplaat dy't eastlik fan Skiermûntseach yn de Waadsee leit. It leit hast tsjin Skiermûntseach oan op, nei alle gedachten, it âlde plak fan Bosch. De Balch is likernôch 0,7 kante kilometer grut.De sânflakte is nei alle gedachten om 1800 hinne ûntstien en stadichoan waakse. Oant yn de midden fan de jierren ’70 fan de 20e iuw wie it in keale, stowende sânplaat. Sûnt dat stuit wreidet de sânplaat him jierliks út nei it easten. Dêrtroch binne der al lytse dunen ûntstien en waakse der planten op de Balch. Lykas as in soad oare sânplaten binne op de Balch ek seehûnen te sjen. Op de sânplaat kinne skulpen en barnstien fûn wurde.

De sânplaat kin besike wurde mei de Balchekspres, in trekker mei in kapwein deroan. De sânplaat is net altyd berikber, by heech wetter stiet de Balch nammentlik folslein ûnder wetter.

Oant 1 jannewaris 2006 hearde de sânplaat ta de Grinslanner gemeente Iemsmûn, mar sûnt is de Balch ûnderdiel fan de gemeente Skiermûntseach. Dat is feroare omdat by in mooglike kalamiteit de gemeente Skiermûntseach better yngripe kin. Foar dizze grinskorreksje waard troch de gemeente Skiermûntseach en de provinsje Fryslân jild betelle oan de gemeente Eemsmond en oan de provinsje Grinslân. It gie om in bedrach fan €23.000 dat Skier oermakke hat nei Eemsmond, €13.970,- dat de provinsje oan Eemsmond joech en om €274.000 dat Fryslân oan Grinslân betelle.

Barnstienrûte

In barnstienroute is in hannelswei út de âldheid, dêr't rauwe barnstien (fossyl hars) fan de fynplakken oan de Eastsee en Noardsee (Denemark) nei ôfnimmers yn it Middellânske Seegebied oer ferfierd waard. Dêrwei waard it barnstien ferhannele mei Aziatyske en Noard-Afrikaanske lannen, bygelyks oer de âlde siderûtes.

Allinne de rûte yn Eastenryk, de Alpenrûte en de wei besuden fan de Alpen binne goed dokumintearre. De hannelers sochten de meast feilige diken foar har kostbere fracht, dat dy feroaren sa no en dan. At it heal koe reizgen sy troch rivierdellings en oer feilige pleisterplakken om te oernachtsjen.

Yn de Romeinske tiid roan de haadrûte fan de Baltyske kusten yn Prusen troch it lân fan de Boii (yn wat no Tsjechje en Slowakije is) nei de kop fan de Adriatyske See (no Golf fan Feneesje ). Yn it grêf fan farao Tûtangamon is Baltyske barnstien fûn en yn de timpel fan Apollo yn Delfy waard barnstien fan de Noardseekust as offer brûkt. Ut it Heine Easten wei waard de barnstien ferhannele mei Aziatyske lannen, oer de âlde siderûten.

De âlde Prusyske stêden oan de Baltyske kust, Kaup en Truso wienen begjinpunten fan de eastlike rûte nei it suden ta. Faaks hat de barnstienhannel troch ynfloeden út it Middellânske gebiet nei Skandinaavje te bringen in rol spile by it opkommen fan de Noardske Brûnstiidkultuer dêre.

De oblast Kaliningrad wurdt somtiids wol Янтарный край neamd, dat betsjut 'barnstiengebiet'.

Bloedkralen

Bloedkralen binne reade kralen dy’t tradisjoneel droegen wurde by klaaidrachten. By de Fryske klaaiinge wurde snoeren fan ien, fan twa of fan trije stringen droegen. Net allinnich de skientme draacht by oan de populariteit, mar de kralen soene in spesjale funksje hawwe. Hjiroer binne lykwols ferskillende mienings:

Read is de kleur fan foarspoed en gelok en keart ûnheil. It soe de sûnens fan de draachster oanjaan. As bloedkraalen op in sûne hûd droegen wurde glânzje se, op in drûge hûd wurde se dôf.

Al yn de tiid fan de Romeinen miende men dat bloedkralen magyske eigenskippen hienen Sa tocht men dat it Boaze each der mei keard wurde koe Se mienden ek dat it genêskrêftich wie. In snoer bloedkralen waard om de nekke fan in bern hong om it tsjin it kwea te beskermjen. Om dy reden is it ek wol te sjen op kristlike ôfbylden fan Maria mei bern.

Bloedkoraal groeit op de boaiem fan de Middellânske See en om Japan hinne. De polipen foarmje kalkeftige skeletten dy’t meast read binne. De ûnregelmjittich foarme koloanjes wurde oant 20 sintimeter heech. Gewoanwei is bloedkoraal donkeroranje oant read. Mar der bestean ek wol wite en swarte. It hurdste diel fan de skeletdielen wurdt ferwurke ta bloedkralen. Troch polysten ûntstiet in glimmende laach. It is in natuerprodukt, sadat hast gjin inkele kraal lyk is. Neist parels, barnstien en ivoar is bloedkoraal ien fan de pear organyske stoffen wêr't sieraden fan makke wurde.

Brûnstiid

De brûnstiid is it tiidrek tusken (sa. 3000 oant 800 f.Kr.) en dat folget op it Neolitikum. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de kopertiid, dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de Feluwe is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de Izertiid.

Yn de rin fan de tiid ferfong brûns stadichoan fjoerstien as wichtigste materiaal foar ark en wapens en waard ek brûkt foar sieraden. De earste foarwerpen fan brûns wienen benammen bilen, en ek inkelde dolken, spearpunten en sieraden lykas earmbannen. Brûns kaam stadichoan hieltyd faker foar, en ek kamen der mear soarten metalen foarwerpen yn gebrûk.

Yn guon streken fûn brûns net tagelyk yngong en de krekte datearring fan de brûnstiid kin dêrom per lân of sels per streek ferskille. Sa wie, neffens de fynsten, folle mear sprake fan brûnsjitten yn Drinte as yn de rest fan Nederlân. In mooglike reden hjirfoar is miskien de pan-Jeropeeske hannelswei dy't oer de Drintse heuvelrêch rûn nei de barnstienrike Eastseekust.

De kennis om metalen te bewurkjen, ynklusyf brûns moat yn it Midden-Easten ûntstien wêze. Dêr waard brûns sûnt sa. 3000 f.Kr. brûkt. Dizze kennis hat him stadichoan ferspraat oer it Jeropeeske kontinint en berikte ek ús lân.

Guon fan âlds bekende ferhalen, lykas de Ilias, de Odyssee, parten fan de Bibel en it Gilgamesjepos spylje har ôf yn de brûnstiid.

Elektrisiteit

Elektrisiteit, yn de folksmûle ek wol stroom neamd, is lieden enerzjy dy't foar ferskate doelen brûkt wurde kin, bygelyks foar ferljochting. It wurd komt fan it Grykske wurd barnstien elektron. Statyske elektrisiteit kin nammentlik opwekt wurde troch in stik barnstien oer in wollen lape te wriuwen.

Elektrisiteit ûntstiet troch elektroanen en protoanen dy't yn in atoom sitte en in positive of negative lading hawwe. Dy ladingen lûke inoar oan of stjitte inoar ôf en de krêft wêrmei't dat bart hjit elektrisiteit.

Utsein elektrisiteit dy't troch minsken opwekt wurdt, komt it ek yn de natuer foar. It meast bekende foarbyld is wjerljocht.

Elektron

In elektron (Ald-Gryksk ηλεκτρόν, barnstien dat troch wriuwing elektrysk laden waard) is in negatyf laden elemintêr dieltsje, dat bûn wêze kin (bygelyks yn in atoom) of frij yn de romte beweecht. As it yn de romte is, ûnderfynt it (krektas in ion) ynfloed fan in elektrysk fjild en as it beweecht t.o.f. in magnetysk fjild ek ynfloed dêrfan. It elektron heart ta de klasse fan de leptoanen. It elektron heart ta de earste generaasje. De dieltsjes binne stabyl.

Fledder

Fledder (Nederlânsk en offisjeel: Vledder) is in iesdoarp yn it súdwesten fan Drinte yn de gemeente Westerfjild (Westerveld). Yn it hjoeddeiske doarp wenje in lytse 2000 ynwenners. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1998 wie Fledder in selsstannige gemeente fan sa'n 3500 ynwenners. Ta dy gemeente hearden neist Fledder de doarpen Fledderfean, Wilhelminaoard, Doldersum, Boschoord, Frederiksoard en Nijensleek.

Fledder hat, lykas in soad oare Drintsje brinkdoarpen, een lange skiednis. Yn de omkriten fan Fledder binne ferskate grêfheuvels en urnefjilden fûn út de nije stientiid. Der binne meardere prehistoaryske fynsten dien lykas stienen bilen, barnstien en urnen.

De namme Fledder tsjut op in wiet plak. De twa âldste strjitten fan it doarp lizze sa ek om leger plak dat eartiids nochal wiet wie. It doarp hat twa brinken, dy't yn de folksmnûle de grutte en de lytse brink neamd wurde. Krekt as by alle esdoarpen, leit net fier fan it doarp in beek, de Fledder Aa. It Fledderfjild efter de es is no in boskwachterij fan Steatsboskbehear. By dit Fledderfjild wie fan 1939 - 1981 in kamp, Kamp Fledder.

De Johannes de Dopertsjerke is ien fan de pear Drintse doarpen mei in tsjerke mei in sealdaktoer. Dat hat te krijen mei de lizzing fan Fledder frij ticht by de Fryske grins dêr't dit type tsjerketoer folle mear foarkomt.

Yn it doarp binne in oantal musea: in museum foar falske keunst en foar grafyk en in skulpemuseum (Miramar Seemuseum). Fiif kilometer fan Fledder leit it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Ek stiet yn it doarp in nôtmooltsje.

De fuotbalferiening fan Fledder hjit BEW (blau en wyt), oprjochte yn 1951.

Fossyl

Under fossilen wurde alle resten en spoaren fan planten en dieren dy't yn de boaiem fan de ierde konservearre binne begrepen. Wol gauris wurdt der tocht dat fossilen altyd 'ferstienne' binne, mar dat hoecht net. It wurd fossyl is ôflaat fan it Latynske fossilis, dat "opdold" betsjut. De wittenskip dy't fossilen bestudearret hjit paleontology.

Koardesân

Koardesân (Deensk: Koresand) is in hege sânbank yn Noardfryslân, yn it Deenske part fan de Waadsee. It leit súdwestlik fan Mandeach, oare kant de Mandeach-ril. Fierder nei it noarden leit Faaneach; súdlik leit Romeach, oare kant it Jûvredjip.

Maritime skiednis fan Nederlân yn de Midsiuwen

De Maritime skiednis fan Nederlân yn de Midsiuwen omfiemet de skipfeart fan it Fryske Ryk oant de Nederlânske Gouden Iuw.

Nei it Grutte Folkeferfarren en it mei dêrtroch feroarsake ferfal fan it West-Romeinske Ryk yn West-Jeropa, wie it gebiet yn trije stikken ferdield. De Friezen wennen oan de kusten, de Saksen yn it easten en de Franken yn it suden. Grinsstêd fan de Franken wie lang Nijmegen, dêr’t se in palts fêstigen. De Franken wreiden harren grûngebiet út nei it suden, noarden en easten en fersloegen de oare folken.

Yn de Midsiuwen koe yn Nederlân hieltyd minder weet en rogge ferboud wurde as gefolch fan it ynklinken fan de feanboaiem troch de lânbou. Hjirtroch gie men yn in oantal gebieten stadichoan oer op fiskerij. Bûten it seizoen waarden de fiskerskipkes ek brûkt om fracht te ferfieren. Yn fergeliking mei de omkriten wennen in soad minsken yn stêden.

Yn de 6e iuw naam it skipfeartferkear op de Britske eilannen wer ta. Quentowic waard in belangrike stêd en naam de hannel mei Ingelân oer fan Boulogne. Dêr bylâns rûn ek de via rectissima, it paad foar Ingelske pylgers nei Rome.

Karel de Grutte kaam fanwege tsjin de plonderingen fan de Wytsingen troch garnizoenen en fleatienheden te pleatsen nei Romeinsk foarbyld fan de Rynmûning oant Ponthieu. Yn Boulogne, dêr’t hy yn 810 skippen bouwe liet, liet hy de fjoertoer wer opmeitsje. Yn dat jier naam hy neffens de Annales regni Francorum in fleatskou ôf yn Gint.

Yn dat tiidrek wreide it fargebiet út fan de Britske Eilannen, Noard-Dútslân en Frankryk oant de Eastsee, Noarwegen en it Ibearysk Skiereilân. It wie de perioade fan ekspânsje, wêrby’t earst de hannelsrûtes fan de Hânze foar it meastepart oernommen waarden en letter dy fan Portugal yn de oanrin nei de Gouden Iuw.

De kogge wie it wichtichste seeskip út dy tiid, oant it yn de 15e iuw stadichoan ferfongen waard troch de hulk.

Prinsesse fan Zweeloo

De Prinsesse fan Zweeloo wie in frommes út 'e fyfde iuw, wêrfan't it grêf yn 1952 fûn waard yn it Drintske doarp Zweeloo, gemeente Coevorden. Har bynamme komt fan it rykdom fan it guod dat yn it grêf fûn waard.

Parten fan tekstyl yn it grêf lieten sjen dat se in linnen jurk mei wollen mantel of sjaal droech. Hja hie in samling fan tritich grutte kralen fan glês om har middel hinne, en kralen fanin halskeatling fan barnstien. Dat wie de grutste samling barnstien dat yn Nederlân fûn waard. Oare fynsten yn it grêf befetsje in spjelde fan brûns, út Noard-Dútslân yn de foarm fan in flinter, in sulveren ring, in brûnzen earmbân, twa kaaien fan brûns, en sulveren húskeguod. Guon fan dy foarwerpen binne te sjen yn it Drintsk Museum yn Assen.

Har grêf wie ien fan in nust grêven oan de noardeastlike kant fan in ôfgraving. Der binne hynstegrêven yn de omkriten, en om't hynders net begroeven waarden mei froulju, is nei alle gedachten it grêf fan har man ien fan de grêven dy't weiwurden wie mei it ôfgraven fan sân op it plak.

Pyteäs

Pyteäs of Pyteäs fan Massalia (Πυθέας ο Μασσαλιώτης; sa. 350 f.Kr. – 285 f.Kr.) wie in Grykske keapman, geograaf en ûntdekkingsreizger út de 4e iuw f.Kr. Hy kaam fan de Grykske koloanje Massalia, it Marseille fan no.

Yn deselde tiid dat Aleksander de Grutte yn it Easten oan de grinzen fan de doe yn Europa bekende wrâld tahâlde, ûndersocht Pyteäs it ûnbekende noardwesten fan Europa. Oer syn reizen hat er it wurk Περί του ωκεανού ('Oer de oseaan') skreaun dêr't lykwols neat fan bewarre bleaun is. In pear fragminten út dat wurk binne bekend fan sitaten troch oare skriuwers sa as Strabo, Eratostenes en Plinius de Alde, dy't Pyteäs teminsten diels as leugner beskôgen omdat sy syn reizen foar ûnmooglik hâlden of, sa as Polybios harsels as grutte saakkundige profilearje woenen. Oare oanwizings foar de ynhâld fan it wurk wurde fûn yn it wurk fan de astronoom Hipparchos fan Rhodos.

Skelpemuseum Peal 14

Skelpemuseum Peal 14 leit oan it Martsjelân, oan de westside fan it doarp Skiermûntseach, efter "Westpunt". Skelpen binne ferkalke skalen fan weakdieren. Weakdieren binne mei 100.000 soarten, nei de ynsekten, de grutste diergroep op ierde.

In diel fan de kolleksje:

Yndieling en ynfo oer weakdieren

Fossilen, barnstien en feanhout

Skulpen fan Skiermûntseach

Kraben, seestjerren en oare bisten fan it Skiermûntseager strân

Slakkesoarten

Juttersbút

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.