Arianisme

It arianisme wie yn it iere Kristendom, in streaming dy't nei har stifter Arius (256-336), presbiter fan Aleksandrje neamd waard.

Yn it arianisme wurdt it dogma fan de trije-ienheid net akseptearre. De oanhingers fan dit leauwen, seagen sawol Jezus Kristus as de Hillige Geast as skepsels fan God de Heit, dêr't sy ûnderhearrich oan wienen. Hjirby wie Jezus allinnich ûnderhearrich oan God, wylst de Hillige Geast sawol ûnderhearrich wie oan Jezus as oan God.

It ferskil tusken de ortodoksy en arianisme kaam hjir op del: de ortodoksy seit dat Jezus God is, wylst it arianisme sprekt oer godgelikens.

It Romeinske Ryk

Yn de 4e iuw wie it konflikt tusken arianisten en de neifolgers fan it dogma fan de trije-ienheid it grutste striidpunt binnen de tsjerke. Om it konflikt op te lossen waard it Konsily fan Nicea (325) by inoar roppen. De dêr opstelde belidenis fan it Leauwen, alhoewol't it akseptearre waard troch sawol de arianen as de net-arianen, hâlde in feroardieling fan it arianisme yn. Dit fanwege de sin dat de Heit en de Soan "fan deselde substânsje" binne.

Utsein dizze fersmiting bleau it arianisme noch in skoft ynfloedryk. Yn bepaalde perioades wie it sels de oerhearskjende teology. In nije fersmiting folgde op it Konsily fan Konstantinopel (381). Troch hurd tafege fan keizer Theodosius I tsjin de folgers fan it Arianisme, wie dit leauwen by de Romeinen om-ende-by 400 sawat útrûge.

De Germaanske keninkriken

Yn de bloei fan it arianisme wie Ulfila begûn mei sindingswurk ûnder de Goaten. Hy soarge foar in Bibeloersetting yn it Goatysk. De Goatyske lieder Fritigern bekearde him ûnder it regear fan de ariaanske keizer Falens ta it arianisme en as gefolch hjirfan bekearden de measte oare Germaanske stammen yn it Romeinske Ryk har ek ta it arianisme. Dit gou ek foar de Fisigoaten, de Ostrogoaten, de Fandalen, de Boergonden en de Langobarden.

Allinnich de Franken bleaunen heidensk oant it westlik Romeinske Ryk - dêr't sy foederaty yn wienen - ferdwine soe. Sy stapten pas let, ûnder kening Klovis oer op it Kristlik leauwen, mar oars as by de oare Germaanske folken, hingen sy it Roomske leauwen oan. Dêrby hienen sy in foardiel, want troch dit leauwen soenen sy in bettere oansluting krije mei de foarhinne Romeinske ûnderdanen as oare Germaankse folken.

By de Ariaanske keninkriken bleau lykwols de kleau tusken de Germaanske eallju en de Romaanske en roomske befolking grut. Yn de roomske tsjerke waard yn it Latyn preke, wylst dit by de Arianen yn it Germaansk dien waard. Yn it Fandalenryk yn Noard-Afrika late dizze tsjinstelling ta in soad geweld en ferfolgings fan de katoliken (alteast neffens Gregorius fan Toers, in roomske skriuwer).

De Ariaanske riken gongen lykwols ien foar ien ferlern. De Fandalen en Ostrogoaten waarden troch keizer Justinianus I yn de 6e iuw ferneatige en de Boergonden troch de Franken. De Sueben gongen út eigen beweging oer nei it katolisisme, om mear stipe tsjin harren machtige Fisigoatyske buorlju te krijen.

Allinnich de Fisigoaten yn Spanje bleaunen fêsthâlden oan it ariaanske leauwen oant kening Rekkared I him bekeare liet ta it katolisisme yn 589. Hy woe dêrmei krekt as de Sueben syn keninkryk in bettere oansluting krije litte mei lannen om Spanje hinne, ek woe hy de tsjinstellings ûnder syn befolking út'e wei romje. Dizze oerstap fan Rekkard wie sawol foar it arianisme en de Goatyske taal it begjin fan'e ein.

20 maaie

20 maaie is de 140e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 141e). Der folgje noch 225 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

318

318 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Juliaanske kalinder foar 318.)

325

325 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Juliaanske kalinder foar 325.)

353

353 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Juliaanske kalinder foar 353.)

380

380 is in skrikkeljier dat begjint mei in woansdei. (Juliaanske kalinder foar 380.)

381

381 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Juliaanske kalinder foar 381.)

530

530 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Juliaanske kalinder foar 530.)

559

559 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Juliaanske kalinder foar 559.)

588

588 is in skrikkeljier dat begjint mei in tongersdei. (Juliaanske kalinder foar 588.)

Ambrosius

Ambrosius of Ambroazius (folút: Aurelius Ambrosius; ±340 – 4 april 397) wie in tsjerkfaar en ien fan 'e wichtichste figueren út 'e fjirde-iuwske kristlike Tsjerke. Hy wie teolooch, filosoof en aartsbiskop fan Milaan. Njonken hymnen skreau er ek withoefolle teologyske traktaten oer de Tsjerke. Nei syn dea waard er hillich ferklearre, en sadwaande hat er it ta beskermhillige Milaan brocht.

Arius

Arius (om 256 - Konstantinopel, 336) is de stifter fan it Arianisme, in religeuze streaming binnen it iere Kristendom.

Fisigoaten

De Fisigoaten wienen in Eastgermaansk folk dat in wichtige rol spile yn it Romeinske Ryk, yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren en de iuwen flak dêrnei. It folk ûntstie, tegearre mei harren bruorre-folk de Ostrogoaten, doe't healwei de 3e iuw it Goatyske folk yn dy twa helten útienfoel.

Iere Midsiuwen

Under de Iere Midsiuwen wurdt oer it algemien ferstien: de perioade fan likernôch 500 oant 1000; de skiednis fan Jeropa nei it ynstoarten fan it West-Romeinske Ryk. Soms wurdt ek de term tsjustere midsiuwen brûkt omdat, troch de gaos dy’t feroarsake waard troch in soad ynvaazjeweagen fan de lossleine folken, der net folle op skrift steld waard en ek in soad ynformaasje ferlern gie. Dêrtroch is noch in soad ‘tsjuster’ wat de krekte gong fan saken oanbelanget. Ek de algemiene efterútgong fan de befolking en libbensstandert, fergelike mei it Romeinske ferline, dy’t stadichoan einige by de konsolidaasje fan de tastân troch Karel de Grutte.

Longobarden

De Longobarden (ek Langobarden of Lombarden) wienen in West-Germaansk folk dat ynearsten oan de igge fan de Elbe wenne. De Romeinske skiedkundige Tasitus neamde harren yn syn boek Germania, (98). Op 'e ein fan it Grutte Folkeferfarren yn de 6e iuw stiftsje sy yn Itaalje in keninkryk op de resten fan it Romeinske Ryk.

Nikolaas fan Myra

Nikolaas fan Myra (mûglik likernôch 270 berne yn Patara - 6 desimber 343), wie biskop fan Myra. Syn nammedei wurdt fierd as Sinteklaas.

Der is net in soad ynformaasje bewarre bleaun oer Niklaas fan Myra, en fan wat der al is is it meast net wis at it wier om dy Niklaas giet, of om ien fan de oare hilligen mei dy namme.

Nikolaas is yn 270 bêrne yn Patara, net fier fan Myra, as soan fan begoedige, en strang leauwige âlden. Hy waard neamd nei syn omke dy't biskop wie, en dy't him doe't er njoggentsjin wie ta pryster wijde.

Yn 318 wie er sels biskop wurden en die er mei oan it earste konsylje fan Nikea. Hy wie dêr in fûl tsjinstanner fan it Arianisme, en dit is wêr't er yn Ortedokse lannen yn East-Jeropa ferneamd foar is.

Yn West-Jeropa is er mear ferneamd om't er nei in swiere stoarm in deade seeman ta libben brocht hie, en dat er trije jonge frouwen sûnder jild yn it geheim in breidsskat joech om foar te kommen dat se yn de prostitúsje te lâne kamen. Dêrom is er dêr bekend as genêzer en as stille jouwer, en is er de patroan fan seelju, prostitúees en lju dy't yn it geheim wurkje. Hy wurdt faak ôfbylde mei in anker of mei trije gouden pongen.

Likernôch 340 moat er ferstoarn wêze. Hy is begroeven yn Myra. Syn reliken waarden lykwols yn 1087 oerbrocht nei Bary. Hy is de patroan fan ûnder oaren Ruslân en Amsterdam.

Niseä

Nicaea of Niseä (ek wol Nikéa), tsjintwurdich Iznik, wie yn de âldheid in wichtige stêd yn Lyts Aazje, residinsje fan de Bitinyske keningen, letter fan Romeinske steedhâlders en fan 1204 oant 1261 fan de Byzantynske Laskaris keizers. Yn 1330 waard de stêd troch de Turken ferovere. Fierders is de stêd ferneamd fan it Konsily fan Niseä, dêr't it Arianisme yn fersmiten waard.

Suëven

De Suëven of Suëben (Latynsk: Suebi) wie in West-Germaansk folk dat sawat oan it begjin fan de jiertelling by de Eastsee (Mare Suebicum yn it Latyn) wenne hat. Neffens guon is de namme foar Sweden fan dy namme ôflaat en is it oannimlik dat it stamferbân út ferskeidene stammen bestie, dêrûnder de Kwaden, de Markomannen, de Allemannen, de Hermunduren, de Langobarden en de Semnoanen. Yn de 5e iuw en 6e iuw hienen sy in keninkryk yn Spanje.

Teodoasius de Grutte

Teodoasius de Grutte of Teodoasius I (Latyn: Flavius Theodosius; 11 jannewaris 347, Coco, Spanje - 17 jannewaris 395, Milaan), wie keizer fan it eastlik part fan it Romeinske Ryk fan 379 ôf oant 394, en dêrnei oant 395 oer it hiele ryk, dat hy wie ek de lêste keizer dy't noch in skoftlang oer it hiele rijk hearske. Nei syn dea waard it ryk foaraltyd splitst yn in Eastlik en in Westlik part.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.