Anatoalje

Anatoalje (Turksk: Anadolu, Gryksk: Ἀνατολία) en Lyts-Aazje binne nammen foar it skiereilân yn it uterste westen fan Aazje dat tsjintwurdich it Aziatyske part fan Turkije beslacht. De namme Anatoalje komt fan it Grykske wurd foar opkommende sinne oftewol it easten. De Romeinen neamden it gebiet Asia Minor wat Lyts Aazje betsjut om it te ûnderskieden fan it grutte Aazje. Under beide nammen stiet it gebiet al tûzenen jierren bekend.

Asia-minor-tu-map
Anatoalje leit east fan de Bosporus, tusken de Swarte See en de Middellânske See

Geografy

Anatoalje wurdt karakterisearre troch hege berchen dêr't lânklimaat hearsket, lâns de kusten leit leechlân mei in mediterraan klimaat.

Op it skiereilân komen geregeldwei ierdskoddingen foar. Dwers troch Anatoalje rint in breukensysteem yn de rjochting súdwest-noardeast. It foarmet de begrinzing fan de Arabyske plaat yn it easten en de Anatolyske/Turkske plaat yn it westen. Troch de noardwaartse beweging fan de Arabyske plaat treden der yn dat breukgebiet foaral horizontale ferskowingen op yn de ierdkoarste, dêr't spanning troch opboud wurdt dy't him ûntlaad yn de foarm fan ierdskoddings.

Skiednis

Yn de rin fan tûzenen jierren hawwe ferskate folken en kultueren harren ynfloed op it gebiet útoefene, bygelyks de Hattjers, de Hittiten, de Griken, de Romeinen, de Byzantinen, de Seltsjoeken, de Osmanen, de Koerden, de Kelten (Galaten), de Armeenjers, de Aramejers en de Turken. Anatoalje wurdt ek wol neamd as plak dêr't alderlei folken wei kamen, lykas de Etrusken en de Yndo-Jeropeanen.

Tiidsline Anatoalje

  • Çatal Hüyük 6500-3000 f.Kr.
  • Hacilar 6500-5000 f.Kr.
  • Iere brûnstiid 3000-2000 f.Kr. (Alaca Hüyük 2500-2300 f.Kr.)
  • Middenbrûnstiid 2000-1700 f.Kr.
  • Lette brûnstiid 1700-1200 f.Kr.

Sjoch ek

Keppeling om utens

1054

1054 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Juliaanske kalinder foar 1054.)

1230

1230 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Juliaanske kalinder foar 1230.)

1260

1260 is in skrikkeljier dat begjint mei in tongersdei. (Juliaanske kalinder foar 1260.)

Assyrjers

De Assyrjers (ܐܫܘܪܝܶܐ) binne in folk, oarspronklik út Mesopotaamje en Anatoalje, dat yn distiid foar it meastepart yn diaspoara libbet. It folk beskôget har de fuortsetting fan de Assyrjers út de Aldheid, de bewenners fan it Assyryske Ryk dat yn 539 f.Kr. ûndergie. De Assyrjers sprekke in moderne fariant fan it Arameesk. Yn dy taal neame sy harren sels Suryoye.

Epipaleolitikum

It epipaleolitikum is de namme dy't oan de mesolityske perioade jûn wurdt yn streken dêr't de jongste iistiid, it Weichselien, gjin grutte rol spile en de neolityske revolúsje folle earder begûn en geleidliker ferrûn as yn in noarden.

De epipaleolityske perioade wurdt tenminsten yn it Midden-Easten, Anatoalje en Syprus ûnderskieden fan it (noardlike) mesolitikum. It epipaleolitikum begjint, hoewol't der regionale ferskillen binne, ûngefear 10.000 jier lyn en einiget 2000 jier letter.

Krektas yn it mesolitikum wurde fynsten dominearre troch fjoerstienen ark en pylkpunten (mikroliten) dy't as pylk- of lanspunt oan in skacht fêstmakke waarden.

Kopertiid

De kopertiid of koperstientiid, ek galkolitikum neamd, is in tiidrek dat wol beskôge wurdt as it lêste part fan de jonge stientiid en wêryn de minsk learde it koper metaal te bewurkjen en der ark fan makke.

De âldste koperfynsten komme út Anatoalje (Turkije), sawat 8000 f.Kr. Ynearsten waard allinnich koper brûkt sa't it foarkomt yn de natuer. Pas yn it 5e millennium f.Kr. waard ûntdekt dat guon ertsen, koper oplevere as sy hjit makke wurde. Dêrfoar hienen de minsken wol in spesjale ûnen nedich: in gewoan houtskoalfjoer kin net waarmer wurde as 700 °C, en it smeltpunt fan koper leit by 1085 °C.

Levant

De Levant is in histoarysk-geografyske oantsjutting foar in part fan it fierste westen fan Aazje tusken Anatoalje en Egypte, de krite fuort beëasten de Middellânske See yn it Heine Easten.

It wurd 'Levant' komt fan it Latynske wurd levare of oars fan it Frânske lever; beide betsjutte 'rize'. Dat Levant is in oantsjutting foar 'it lân dêr't de sinne opkomt', Arabyske term Majrek. De Maghreb, of 'it lân dêr't de sinne ûndergiet', wurde faak de westlike lannen fan Noard-Afrika mei oantsjut.

Tsjintwurdich beslacht de Levant de steaten Israël, Jordanië, Libanon, de Palestynske Kriten, Syrië en in part fan Irak.

Neolitikum

It Neolitkum of jonge stientiid is in tiidrek út de skiednis fan de minskheid dat typearre wurdt troch technyske en sosjale feroarings. Der is sprake fan in oergong fan jeien en sammeljen nei lânbou en it hoedzjen fan keppels fee. It tiidrek einiget mei de ûntdekking fan de metaalbewurking (koper, letter brûns), wêrnei de brûnstiid begjint.

It Neolitkum is op meardere plakken yn de wrâld om-ende-by deselde tiid en ûnôfhinklik fan inoar ûntstien en hat har dêrnei oer de hiele wrâld ferspraat. De foarnaamste fernijingen wienen: it gebrûk fan ark fan glânzge stien, keramysk diggelguod (bakte potten), de ûntdekking fan de metaalbewurking (koper), it tsjil en it skrift.

De âldste koperfynsten binne fan ± 5000 f.Kr. yn Anatoalje (Turkije). Dêrom wurdt it lêste part fan de jonge stientiid ek wol de kopertiid neamd.

Osmaanske Ryk

It Osmaanske Ryk (ek wol: Ottomaanske Ryk, Turksk: Osmanlı İmparatorluğu) is it Turkske Ryk dat fan 1299 oant 1922 bestie. Yn 1683 omfieme it Osmaanske Ryk it Turkije fan no, de lannen om de Swarte See hinne, de Balkan, Noard-Afrika en parten fan it Midden-Easten. It Ryk is ferneamd nei de stifter fan de dynasty fan de Osmanen.

Ostrogoaten

De Ostrogoaten (Eastgoaten) foarmen mei de Fisigoaten de twa haadgroepen dêr't it (East-)Germaanske folk fan de Goaten harren yn splitste. Dy splitsing barde healwei de 3e iuw.

Sazaky

Sazaky of Saza (Sazaky: Zaza), ek Kirmanjki of Dimli neamd, is in taal dy't sprutsen wurdt yn it easten fan Anatoalje. It is in Yndo-Jeropeeske taal dy't by de Noardwestiraanske talen heart. It krekte tal sprekkers is net wis, mar der wurdt oannaam dat it yn Turkije om de 2 miljoen lizze sil.

Seltsjoeken

De Seltsjoeken wienen in Turkske stamme, dy't oarspronklik út Sintraal-Aazje wei kamen en begjin 11e iuw in ryk yn it Midden-Easten stifte dat stân hâlde oant de 13e iuw, mar dat har hichtepunt meimakke op de ein fan de 11e iuw. Ikoanion, it latere Konya wie haadstêd fan dat Ryk.

Sulver

Sulver is in skiekundich elemint mei symboal Ag en atoomnûmer 47. It is in sulverkleurich oergongsmetaal. (dendryt)

Sûmearjers

De Sûmearjers binne in folk út de aldheid dy't om-ende-by 3.500 f.Kr. yn de skiednis ferskine en in ryk stiften hawwe (Sûmearje) dat sjoen wurdt as ien fan de earste beskavingen fan de wrâld. Harren beskaving kaam foart út it Ubaid-folk dy't op de flakten tusken de Eufraat en Tigris al yn de 6e Millennium f.Kr. in bloeiende kultuer fan boerenmienskippen hienen. Wêr't dit folk krekt fuortkamen is net alhiel dúdlik, neffens guons kamen sy út Anatoalje, mar ek Yndia en de omkriten fan de Kaspyske See is mooglik. De taal dy't sy sprutsen wie it Sûmearysk, dêr't mar in hiel bytsje fan bekend is.

Traasjers

"Traasjers" ferwiist ek nei de moderne ynwenners fan Traasje.

De eardere Traasjers út de âldheid wienen in Yndo-Jeropeesk folk, de bewenners fan Traasje dy't in Trasyske taal sprutsen - in amper bekende taal yn de Yndo-Jeropeeske taal family. It gebiet dêr't sy yn libben wie it eastlik, sintraal en súdlik part fan it Balkan skiereilân, en ek it oanswettende East-Jeropa.

Yn de Romeinske tiid wennen de Traasjers yn parten fan de antike provinsjes: Traasje, Moesia, Masedoanje, Daasje, Scythia Minor, Sarmatia, Bithynia, Mysia, Pannoanje, en oare gebieten op de Balkan en yn Anatoalje.

Trojaanske Oarloch

De Trojaanske Oarloch is in wichtich foarfal út de Grykske mytology. In grut tal fan de mytologyske ferhalen hawwe op ien of oare wize mei dy oarloch út te stean. It boek fan Homerus de Ilias (Ἴλιον = Troaje) is in epos, dat in episoade út it lêste jier fan de tsien jier duorjende oarloch tsjin Troaje beskriuwt. In gearwurking fan Griken, troch Homerus Agajers neamd, soe ûnder lieding fan kening Agamemnon Troaje beleger hawwe en ynnommen. De Trojanen neamt er Dardanoi (Δάρδανοι).

Neffens de myte ûntstie de oarloch as gefolch fan in twist tusken de goadinnen Hera, Atene en Afrodite, neidat de goadin fan de twist, Eris, harren in gouden appel foarhâlde wa't de skjinste kreaste wie. De oergod Seus stjoerde de froulju nei de Trojaanske keningssoan Paris, dy't oerdielde dat Afrodite de kreaste wie. Yn ruil dêrfoar lit Afrodite de kreaze Helena, de frou fan de Spartaanske kening Menelaos, fereale wurde op Paris. Neidat Paris Helena meinommen hie nei Troaje, loeken alle Griken mei-ïnoar ten stride tsjin Troaje. Nei in striid dy't tsien jierren oanhâlde wurdt de oarloch troch de Trojanen ferlern fan de Griken troch de list mei it hynder fan Troaje. Skattingen oer it tal manlju en skippen dy't oan de oarloch meidien hawwe rinne bot útien. Op grûn fan wat Homerus skriuwt komt de histoarikus Barry Strauss bygelyks ta de oertsjûging dat op syn minst 100.000 manlju oan eltse side meistriden hawwe, en dat der 1186 Grykske skippen by de striid belutsen wiene.Hoewol't it meastepart fan de âlde Griken de (mytyske) ûntfiering fan Helena as oanlieding beskôge fan de Trojaanske Oarloch (dy't yn de 13e of 12e iuw foar Kristus west hawwe soe), wurdt troch hjoeddeiske histoarisy oannomd dat dy fanwegen ekonomyske belangen hâlden waard. De snuorje tusken 1194 f.Kr. en 1184 f.Kr. jildt op it heden as meast wierskynlike datum foar de Trojaanske Oarloch, omdat archeologyske fynsten útwiisd hawwe dat om dy tiid hinne de kultueren fan Kreta,de Myceenske beskaving op it Grykske fêstelân en Anatoalje einigen.

Turken

De Turken binne in folk mei as kearngebiet Anatoalje, Syprus en Súdeast-Europa. Yn in protte oare lannen, benammen yn Europa, wenje Turkske ymmigranten. Sa'n 70–80 % fan de ynwenners fan Turkije binne Turken (likernôch 58 miljoen minsken). De hjoeddeistige Turken yn Turkije wurde taalkundich en etnysk ta de Turkske folken rekkene. It oantal Turken dat oarspronklik út Turkije komt of dêr noch wennet wurdt op 73 miljoen rûsd (2011).

Turkije

Turkije is in lân yn Súdeast-Jeropa. De haadstêd is Ankara en de president fan de republyk is sûnt 2007 Abdûllah Gül. Turkije ûntstie nei de fal fan it Osmaanske Ryk. Steatsman Mustafa Kemal Atatürk hat Turkije op ferskillende mêden herfoarme en it lân neffens oare Europeeske steaten modernisearre. Sûnt 3 oktober 2005 is Turkije kandidaatlidsteat fan de Jeropeeske Uny. Turkije is ûnder oare lid fan de Rie fan Jeropa, NAFO en de Feriene Naasjes.

Çatal Hüyük

Çatal Hüyük (Turksk: çatal = foarke; höyük = heuvel) wie in tige grutte neolityske delsetting yn it suden fan Anatoalje. Mei 13 hektaren is Çatal Hüyük de grutste en meast ûntwikkele delsetting of stêd út de prehistoarje dy't ea fûn is.

De âldste bewenningslagen fan Çatal Hüyük binne fan om-ende-by 7500 f.Kr. It plak bleau goed 1000 jier lang bewenne mar rekke om 6200 f.Kr. yn ferfal. De befolking ferspriede har doe oer de flakte. Der binne in oantal ferklearrings foar dat barren. Sa wurdt wol oannommen dat dit foarfal feroarsake is trochdat in groep bewenners it net iens wie oer de sosjale struktuer binnen de delsetting. Mar it ferfal soe faaks ek wol te krijen hawwe trochdat oare groepen minsken yn it gebiet arrivearren. Nei alle gedachten kamen dizze ymmigranten út gebieten om de Swarte See hinne, dy't ûnder wetter ronnen. It is ek noch mooglik dat Çatal Hüyük ferlitten waard trochdat de boaiem útrûpele wie, sadat de minsken fuortlûke moasten op siik nei nije grûn.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.