1 en 2 Kroniken

1 Kroniken en 2 Kroniken binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 13de en 14de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Kroniken, yn it oarspronklike Hebriuwsk: דברי הימים, Diḇrei ha-Yamim ("De Dingen fan 'e Dagen"), it 24ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"). Yn it Gryksk hjitte de beide boeken Παραλειπομένων, Paralipomenon ("De Dingen Dy't Weilitten Binne"). Yn 1 Kroniken en 2 Kroniken wurdt de hiele skiednis fan 'e Israeliten nochris op 'e nij oereide, begjinnend by Adam, de earste minske, en einigjend mei de fal fan Jeruzalim en de Babyloanyske Ballingskip. Dêrmei rinne de beide boeken benammentlik lykop mei 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen. Oer it algemien wurde de Kroniken dan ek beskôge as in oanfolling dêrop. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Kroniken en 2 Kroniken stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

1 Kroniken & 2 Kroniken
oarspr. titel דברי הימים ("Diḇrei ha-Yamim")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje, proaza
sjenre religiosa
skreaun 350 – 300 f.Kr. (?)
rige Alde Testamint
● foarich diel 1 en 2 Keningen
● folgjend diel Ezra
bondel Bibel
oersetting nei it Frysk
Fryske titel 1 Kroniken & 2 Kroniken
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Oarsprong

It lêste foarfal dat yn 2 Kroniken op 't aljemint komt, is de tastimming dy't de Perzyske kening Koaresj (Syrus de Grutte, dy't yn 539 f.Kr. it Nijbabyloanyske Ryk ferovere) de Joaden jout om werom te kearen nei harren lân; dêrmei wurdt in ierst mooglike datum foar it gearstallen fan 'e Kroniken jûn. Men tinkt dat de boeken earne tusken 400 en 250 f.Kr. (mei 350-300 f.Kr. as wierskynlikste perioade) skreaun binne troch ien inkele persoan, al hawwe der neitiid wat redigearrings en oanfollings plakfûn. Neffens de joadske tradysje soe de preester Ezra de skriuwer fan 'e boeken wêze, mar de moderne bibelwittenskip hat dêrfoar gjin bewiis fine kind en neamt de anonime auteur dêrom "de Kronykskriuwer". It moat in belêzen teolooch west hawwe, nei alle gedachten in preester, mei't er yngeand omtinken skinkt oan alles dat mei de joadske preesterstân en de Leviten (de Israelityske stamme dy't de preesters levere) te krijen hat.

Ynhâld

It boek 1 Kroniken set útein mei de skiednis fan 'e Israeliten, begjinnend mei Adam, de earste minske. It ferhaal beweecht him foarút, suver folslein fia geneälogyske opsommings, nei de fêstiging fan it Israelityske keningskip. Pas as er by kening David oanbelânet, giet de skriuwer oer wat oars op 'e tekst as wa't waans soan wie. Fan dat punt ôf foarmet 1 Kroniken in lykstrekich ferhaal mei 1 en 2 Samuël, en einiget mei David syn dea. 2 Kroniken giet fierder mei Salomo en alle lettere keningen fan Israel en Juda, en rint op dy manear lykop mei 1 en 2 Keningen. It binne grutdiels deselde ferhalen, mar justjes oars ferteld; it docht tinken oan 'e fjouwer kanonike evangeeljes út it kristlike Nije Testamint, wêryn't op krekt sa'n parallelle wize oer Jezus Kristus ferhelle wurdt. 2 Kroniken einiget mei de fal fan Jeruzalim en de ferwuostging fan Juda troch Nebûkadnêzar II, de kening fan Babyloanje, dy't Sedekía, de lêste Judeeske kening, de eagen útstekke en yn ballingskip fuortfiere lit. Juda wurdt dêrnei in Babyloanyske provinsje, en in grut part fan 'e befolking wurdt deportearre nei Mesopotaamje. Yn in bysûnder koart stikje, suver in neiskrift, wurdt dan noch fernijd dat de Perzyske kening Koaresj de Joaden wer nei harren lân weromkeare lit.

Fryske oersetting

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan 2 Kroniken 20:1-11 út. De earste folsleine útjefte fan 'e beide boeken stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan sawol 1 Kroniken as 2 Kroniken waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering
1 en 2 Keningen

1 Keningen en 2 Keningen binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 11de en 12de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Keningen, yn it oarspronklike Hebriuwsk: מלכים, Melaḵim, it 9de boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten").

1 Keningen ferhellet fan it libben fan 'e keningen fan Israel en Juda fan Salomo oant en mei Achab; 2 Keningen behannelet alle fierdere keningen fan 'e beide lannen en einiget mei de ferwuostging fan Israel troch de Alde Assyriërs en Juda troch de Babyloaniërs. De boeken beslane dêrmei it tiidrek fan 970 oant 586 f.Kr., oftewol krapoan 400 jier. De measte moderne bibelwittenskippers pleatse fraachtekens by de histoaryske wearde fan 'e beide boeken, mei't se net bedoeld binne as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Jozua, Rjochters en 1 en 2 Samuël). De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Keningen en 2 Keningen stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Bernard Smilde

Bernard Smilde (It Hearrenfean, 23 jannewaris 1922 - Ljouwert, 30 augustus 2014) wie in frisiast, teolooch en predikant yn de grifformearde tsjerken, musikolooch/komponist en tekstdichter.

Ezra (Gryksk)

Ezra (Gryksk) is in joadsk religieus geskrift, nau besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dat hjoed de dei troch alle joadske streamings en it westersk kristendom as apokryf beskôge wurdt, al stie it yn 'e Aldheid mank de joaden yn heech oansjen en makke it diel út fan 'e kanon fan 'e iere tsjerke. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske preester Ezra, en komt fierhinne oerien mei it bibelboek Ezra, ôfsjoen fan ien opfallende tafoeging yn 'e midden fan haadstik 4. It makke diel út fan 'e Septuaginta, de iere en yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken noch altyd gesachhawwende Grykske bibeloersetting. Mei't der ûnderskate ûngerjochtichheden yn it ferhaal sitte, binne de measte saakkundigen fan tinken dat der oer Ezra (Gryksk) mear as ien skriuwer gear west hat. Mar guon fan harren miene ek dat dit geskrift it orizjineel is, dêr't it bibelboek Ezra op basearre is. Oer de oarspronklike taal is men it net iens: dat soe Gryksk, Arameesk of Hebriuwsk west hawwe kinne, mar fanwegen de oerienkomsten yn taaleigen en skriuwstyl mei de it bibelboek Daniël yn 'e Septuaginta tinkt men dat de skriuwer (of de Grykske oersetter, as it Gryksk net de oarspronklike taal fan 'e tekst wie) ek belutsen west hawwe moat by de Grykske oersetting fan Daniël. Ezra (Gryksk) wurdt yn 'e regel datearre yn 'e earste iuw f.Kr. of de earste iuw n.Kr.

Ezra (bibelboek)

Ezra, yn it oarspronklike Hebriuwsk: עזרא, ͑Ezra, is (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 15de boek (fan 39) yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel, dêr't it ûnder de Skiednis falt. It komt oerien mei de earste helte fan it boek Ezra yn 'e joadske Tenach, mei't de joadske Bibel nea de út 'e trêde iuw datearjende opspjalting fan Ezra en Nehemia yn twa boeken trochfierd hat. Yn Ezra wurdt ferhelle oer de weromkear fan 'e Joaden út 'e Babyloanyske Ballingskip en harren weropbou fan 'e Timpel en de stêd Jeruzalim. It doel fan it boek is, krekt as yn Nehemia, net sasear om in part fan 'e Joadske skiednis fêst te lizzen, as wol om sjen te litten dat sels de machtige keningen fan it Perzyske Ryk de wil fan God dogge. De earste folsleine Fryske oersetting fan Ezra stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Gideontsjerke (Sint-Anne)

De Gideontsjerke oan de Van Harenstrjitte yn Sint-Anne waard as grifformearde tsjerke boud en is hoeddedei de tsjerke fan de PKN-gemeente Sint-Anne.

Nehemia (bibelboek)

Nehemia, yn it oarspronklike Hebriuwsk: נחמיה, Něḥemyah, is (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 16de boek (fan 39) yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel, dêr't it ûnder de Skiednis falt. It komt oerien mei de twadde helte fan it boek Ezra yn 'e joadske Tenach, mei't de joadske Bibel nea de út 'e trêde iuw datearjende opspjalting fan Ezra en Nehemia yn twa boeken trochfierd hat. Yn Nehemia wurdt ferhelle fan it werbouwen fan 'e muorren fan Jeruzalim troch de joad Nehemia, dy't oansteld is ta steedhâlder fan 'e Perzyske provinsje Juda. It doel fan it boek is, krekt as yn Ezra, net sasear om in part fan 'e Joadske skiednis fêst te lizzen, as wol om sjen te litten dat sels de machtige keningen fan it Perzyske Ryk de wil fan God dogge. De earste folsleine Fryske oersetting fan Nehemia stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Salomo

Salomo (Hebriuwsk: שְׁלֹמֹה; ek: Jedidiah) wie neffens de Bibel (1 en 2 Keningen en 1 en 2 Kroniken) in wize kening fan Israel. Salomo wie de twadde soan fan kening David en Batsjêba. Alhoewol't Salomo net as earste rjocht op de troan hie, folge Salomo mei help fan de profeet Natan en Batsjêba syn heit David op. It regear fan Salomo fûn plak yn de perioade 970 oan 931 foar Kristus. De kening regearde oer it Feriene Keninkryk fan Israel, dat nei syn dea yn twaën opdield waard: it noardlike keninkryk Israel en it súdlike diel Juda.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.