132

132 is in skrikkeljier dat begjint mei in moandei. (Juliaanske kalinder foar 132.)

Iuwen: 4e fK 3e fK 2e fK 1e fK 1e 2e iuw 3e 4e 5e 6e 7e
Jierren: 127 128 129 130 131 132 133 134 135 136 137
Calendar-nl.png Kalinders
Gregoriaanske kalinder 132
CXXXII
Ab urbe condita 885
Etiopyske kalinder 124 – 125
Hebriuwske kalinder 3892 – 3893
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 187 – 188
- Shaka Samvat 54 – 55
- Kali Yuga 3233 – 3234
Juliaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
132
CXXXII
Sineeske kalinder 2828 – 2829

戊未 – 己申

Foarfallen

  • Under Simon Bar Kochba en Akiba Ben-Josef brekt der in opstân út yn Palestina. Jeruzalim falt yn hannen fan de opstannelingen dy't in ûnôfhinklike steat Israël stifte.
  • Yn Sjina fynt de gelearde Zhang Heng de earste seismograaf fan de wrâld út.

Ferstoarn

Jierren: 127 128 129 130 131 132 133 134 135 136 137
Iuwen: 4e fK 3e fK 2e fK 1e fK 1e 2e iuw 3e 4e 5e 6e 7e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

130

130 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Juliaanske kalinder foar 130.)

21 augustus

21 augustus is de 233e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 234e). Der folgje noch 132 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

2e iuw

De 2e iuw of twadde iuw rûn fan 1 jannewaris 101 oant 31 desimber 200.

2e iuw f.Kr.

De 2e iuw f.Kr. of twadde iuw foar Kristus rûn fan 1 jannewaris 200 f.Kr. oant 31 desimber 101 f.Kr.

750

750 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Juliaanske kalinder foar 750.)

Erlangen-Höchstadt (Landkreis)

Erlangen-Höchstadt is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Beieren en hat 132.049 ynwenners. It distrikt waard oprjochte yn 1972.

ISO 3166-1

De ISO 3166-1-noarm is it earste part fan ISO 3166 en leit alle lannen fan de wrâld fêst mei unike trijesiferige lânkoaden, trijeletterige lânkoaden en twaletterige lânkoaden.

Iraanske kalinder

De Iraanske kalinder (wurdt ek Perzyske kalinder of de Jalāli kalinder neamd) is in sinnekalinder dat brûkt wurdt yn Iran, Koerdistan en Afganistan. De kalinder is meast basearre op observaasje ynstee fan regels.

Elts jier begjint op de maitiid-ekwinoks sa't krekt fêststeld wurdt troch astronomyske observaasjes yn Teheran (of de 52.5°E meridiaan) en Kabûl. Dêrfandhinne is der krekter as de Gregoriaanske kalinder, mar it is net maklik om de skrikkeljierren te beskieden.

Java (eilân)

Java is in eilân yn de Republyk Yndoneezje. It eilân is 132.000 km² grut en hat mear as 114 miljoen ynwenners. Dêrmei is it meast tichtbefolke eilân fan Yndoneezje mei trochstrings 864 minsken de fjouwerkante kilometer.

De haadstêd en tagelyk residinsje fan it lân, Jakarta, leit oan de noard-westkust fan Java. Jakarta mei de foarstêden wurdt meastentiids de Jabotabek neamd, in gearfoeging fan Jakarta - Bogor - Tangerang - Bekasi. Yn dy stêdekloft wenje ûngefear 20 miljoen minsken. De stêd Jakarta sels hat in ynwennertal fan 10 miljoen.

Jezus Sirach

Jezus Sirach, yn it Hebriuwsk: יהושע בן סירעכ, Yěhošua ben Siraḵ, ek wol bekend as de Wysheid fan Jezus Sirach, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach, al wurdt der yn 'e Talmoed gauris nei ferwiisd. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Jezus Sirach troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as fjirde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Jezus Sirach wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it mei de Wysheid fan Salomo, in oar deuterokanonyk boek, op it Heechliet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

Jezus Sirach is in boek fan dichterlike wiisheid, dat yn it earste fearn fan 'e twadde iuw f.Kr. te Jeruzalim skreaun waard troch de Joadske klerk Jozua ben Sirach. De oarspronklike tekst wie frijwol wis yn it Hebriuwsk steld, mar is net bewarre bleaun. Wol binne der ferskate lettere Hebriuwsktalige ferzjes oerlevere. Neitiid waard it oerset yn it Gryksk troch de pakesizzer fan 'e skriuwer, dy't teffens in prolooch tafoege dêr't er yn fernijt dat er yn 132 f.Kr. nei Egypte ta ferfearn is.

Karel F. Gildemacher

Karel F. Gildemacher (folút: Karel Ferdinand Gildemacher; Snits, 1946) is in Frysk publisist op it mêd fan taalhistoarje, kultuerhistoarje en nammekunde.

Gildemacher wie learaar Frysk, direkteur fan Instituut Onderwijs CHN en ferbûn oan de Fryske Akademy as nammekundige. Hy is yn 1993 promovearre op in dissertaasje oer Fryske wetternammen. Hy siet ek yn de redaksje fan de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân. De lêste jierren skriuwt er kollumns yn de Ljouwerter Krante.

Kazachstan

Kazachstan (Kazachsk Қазақстан, Qasaqstan, yn de nije Latynske stavering Qazaqstan; Russysk Казахстан/Kasachstan) is in lân yn Sintraal-Aazje. It steatgebiet westlik fan de Oeral (likernôch 5,4%) wurdt ta Jeropa rekkene.

Main-Tauber-Kreis

Main-Tauber-Kreis is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch en hat 132.993 ynwenners. It waard oprjochte yn 1973.

Rhein-Neckar-Kreis

Rhein-Neckar-Kreis is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch en hat 539.132 ynwenners. It waard oprjochte yn 1973.

Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip

De Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske profeet Jeremia, dat sadwaande ek wol it Geheime Boek fan Jeremia neamd wurdt (al wurdt dy namme ek wol brûkt om guon fragminten fan in oare tekst oan te tsjutten dy't te Qumran mank de Deade-Seerôlen fûn binne). De Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip is oerlevere yn manuskripten yn it Koptysk, it Arabysk en it Garshuni (Arabysk skreaun yn it Arameeske alfabet), al wie it orizjineel nei alle gedachten yn it Gryksk. Saakkundigen binne fan betinken dat it datearre wurde moat tusken 70 en 132, en dat de anonime wiere skriuwer foar 't neist fan Joad wie. Neitiid moat it nochris bewurke wêze troch in kristlike redakteur, sadat de úteinlike foarm wol wat wei hat fan 4 Barûch, in oare apokrife tekst.

Skânsspringen op de Olympyske Winterspullen 2014

De XXIIe Olympyske Spullen wurde fan 7 oant en mei 23 febrewaris 2014 hâlden yn Sotsjy, yn Ruslân. It skânsspringen is op de RusSki Gorki Jumping Center

Stjermotor

In stjermotor of radiaalmotor (Dútsk Sternmotor, Frânsk moteur en étoile) is in type motor mei de silinders yn in stjer- as sirkelfoam om de krukas hinne.

It motortype waard fral tapast by fleanmasines foar't turbinemotors meast brûkt waarden. Yn it ferline waarden auto's en motorfytsen ek wol útrisd mei in stjermotor, mar dat wie in selsumheid.

Súdwestgermaanske talen

De Súdwestgermaanske talen, ek wol Nederlânsk-Dútske talen neamd, foarmje in lytse taalgroep dy't ta de Westgermaanske talen heart. Mei-inoar binne de talen út dizze kloft foar likernôch 132 miljoen minsken de memmetaal.

Yn oare talen

This page is based on a Wikipedia article written by authors (here).
Text is available under the CC BY-SA 3.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.